De oerpolder / Friese editie

-
Auteur: Hylke Speerstra

Categorie:Reizen & Talen / Onderwerp: Regionalia -
Cover van het boek 'De oerpolder / Friese editie' van Hylke Speerstra
Uitgevers Uitgeverij Bornmeer, Contact
Uitgavejaar 2006
ISBN9056151266
ISBN139789056151263
TaalNederlands
TypeHardcover

Samenvatting

Wie it al net in mystearje dat der minsken wiene dy't perfoarst meters djip ûnder de seespegel libje woene? Hjir wie de sâlte azem fan dat allesferneatigjende meunster by westerstoarm te rûken, sels tre hearren; de deadzjende see, dy't by steat wie it resultaat fan jierrenlang bodzjen yn ien springfloed fuort te spielen. Wa't yn dit leechlân oer;ibje woe, moast opwoeksen wêze tsjin in ivige fochtigens, klammens, dampens en wiette; wa't hjir in bestean opbouwe woe, moast bealgje salang de dei en de lea it talieten; wa't him hjir net troch in dyktrochbraak ferrifelje litte woe, koe mar better sliependewei ien skonk oer de bêdsplanke hingje litte, om't it boezemwetter samar oan de doarskrukken ta stean koe. Dit wie it polderlân dat faker as ien kear troch it seewetter besprongen waard. Hjier hiene de hjerringen al yn de reinwettersbak swommen. Wa't him hjir in dak boppe de holle wist, moast him behelpe op plakken mei nammen as de Grutte Hel, Reade Hel en Lytse Hel. En wa't him oer it Helspaad weage, die der ferstannich oan sa no en dan oan de achterste poat te lûken, want der rûn in ûnheilstried troch it gea, gie it ferhaal. In ûnsichtbere tried. Op de pleats dêr't de ûnheilstried krekt ûnder de kostâlen troch rûn, reinder it kealfersmiters. En de boer en boerinne dy't de tried ûnder harren bedstee troch rinnen hiene, soene ferdrinke yn in see fan triennen.

Bestellen

Bestel 'De oerpolder / Friese editie' bij Bol.com € 29,5 Op voorraad. Voor 23:00 uur besteld, morgen in huis
  zoek
Delen op Facebook Delen op Twitter Delen via e-mail Printen Delen op andere sociale netwerken
Zoek je ook goede films? Bezoek Leukomtekijken.